Algemiene ynformaasje


It wie begjin 2013 doe't it ûnderwerp alvestêdetocht silen ter sprake kaam yn in tillefoangesprek. Om't beide kanten fan de line fuortdaalks entûsjast wiene moast it mar in kear oan gean. Bynammen ek omdat wy hearden dat ynkoarten de folsleine reedrydrute befaarber wêze soe. Nei't wy efkes oan it googlejen slein wiene kamen wy der al gau efter dat de alvestêdetocht wol troch mear minsken sylt is mar hja keazen meastentiids foar de 'maklikke wei'. Fia de grutte wetters, bytiden sels it Iselmar, waard krekt oan it beboude kom boerd ta fearn. De Luts waard gauris omsylt fia de Rakken en de Heegemermar en de noardelike rûte oer de blikfeart is foar polyvalken nei alle gedachten noch maagdelik gebiet. Guon koene net tsjin de stream ynkomme en setten sels de motor oan. Om't de Noardelike rûte pas fanôf maaie 2013 iepen is woene wy de tocht der tochten dan fuort mar efkes hielendal sile. No kamen wy der spitigernôch efter dat it stik Harns - Frjentsjer net oanpakt wurdt. Dêr sitte noch in soad damen yn en ek de A31 leit dwers troch de rûte. Dêr moat sels yn de strangste winter noch klúnt wurde want der koe by it regear allinnich in skraal tunneltsje ôf. Op freed 7 juny waard de earste wylde tocht hâlden. Dokkum waard troch gjin inkelde boat helle.

In hardstikkene goed doel Warkumer ierdewurk Steun KiKa in de strijd tegen kinderkanker Repko Snits foar al jo sportprizen Recreatieschap Marrekrite Voor iedereen die van de Friese natuur houdt